Ús programma's

De measte akademyske opliedingen yn taal en kultuer kieze it nasjonale nivo as har útgongspunt, mar dy fan ús draaie om de marzjes fan Europa en de net-dominante talen fan lokale minderheden en migranten. Us programma rjochtet him, om sa te sizzen, op de rânen fan it kontinent yn plak fan op de nasjonale sintra. Dat dogge wy om’t wy tinke dat kennis en begryp fan kultureel en taalkundich ferskaat, belicheme yn dy subnasjonale en migranteminderheden, fan grut belang belang binne foar de maatskippij as gehiel.

Wêrom dizze programma’s?

Ofstudearre studinten fan ús programma’s binne sawol breed as spesjalistysk oplaat yn diversity management en meartalichheid. Us ûnderwiisfilosofy is dat wy ús studinten kennis meitsje litte mei de wichtichste konsepten en teoryen oer groepformaasje, taal en kommunikaasje en it omgean mei diversiteit. Tagelyk ûntwikkelje wy it kritysk tinkfermogen troch allerhanne Europese en bûten-Europese etnolinguïstyske minderheden mei-inoar te ferlykjen en te kontrastearjen. In tredde kearnelemint yn de ûnderwiisfilosofy is ús praktyske ynslach, it tapassen fan teoretyske kennis yn fjildwurkûnderfining yn it stúdzjeprogramma.

Hoe skriuwst dy yn?

Foar praktyske ynformaasje oer hoe yn te skriuwen, gean nei de webside fan de Ryksuniversiteit Grins. Ynformaasje oer iepen dagen kinst fine op de foarljochtingsside.