Wêrom in pre-master dwaan?
De pre-master is bedoeld foar studinten mei ynteresse foar de MA Multilingualism dy’t in relatearre bachelordiploma hawwe op HBO-nivo of in universitêr bachelordiploma yn in net-relatearre dissipline.
Wêr giet it programma oer?
It programma bestiet út trije modulen: Introduction to Linguistics, Academic Skills I and Academic Skills II: BA thesis. Elk fak telt foar 10 ECTS. Dat stiet gelyk oan 280 stúdzjeoeren per fak. Nim dat ajseblyft net licht op. Troch it semester hinne wurdsto frege om grutte lapen tekst te lêzen, beoardieljen, ferwurkjen en te produsearjen om dy sadwaande ta te rieden op de MA Multilingualism.
Der binne gjin fysike kontaktoeren, wat betsjut datst miskien mear tiid nedich hast om sels dingen út te finen. Om problemen datoangeande te beheinen is der per mail in ûnderwiisassistent beskikber om fragen te beantwurdzjen omtrint kursusmateriaal, online opdrachten of it ynstjoeren fan dien wurk.
Kursusorganisaasje en -plenning
De trije fakken yn de pre-master brûke tal fan ûnderwiis- en beoardielingsfoarmen. De studint besjocht fideo’s oer in ferskaat oan ûnderwerpen, skriuwt ferskillende soarten akademyske teksten en leveret ek noch oare opdrachten yn lykas oanjûn yn de detaillearre ynstruksjes. Al dy opdrachten sille sammele wurde yn in Blackboardomjouwing. Dat is ek it plak dêr’t it measte kursusmateriaal fûn wurde kin.
Mear witte?
Fierdere ynformaasje oer de fakken kin by de oplieding oanfrege wurde. Om yn te skriuwen, of foar fragen, stjoer in mail nei minorities@rug.nl