Struktuer fan it programma
Us masterprogramma is unyk yn it kombinearjen fan it teoretysk oanlearen fan allerhanne aspekten omtrint meartalichheid en in op ûndersyk rjochte, praktyske oanpak. It programma wurdt oanbean yn Ljouwert. As haadstêd fan de iennichste offisjeel twatalige provinsje fan Nederlân is dat it ideale plak foar studinten om fuortdaalk tagong te haawen ta in meartalich laboratoarium. Studinten leare hoe’t sy profesjoneel omgean kinne mei deistige útdagingen fan meartalichheid, lykas it helpen fan bedriuwen mei it oerkommen fan taalproblemen, it foarmjaan fan in taalbelied, of it advisearjen fan skoallen hoe’t sy it bêste lesjaan kinne oan bern mei ferskillende talige eftergrûnen. Studinten ûntfange oan ’e ein in mastertitel yn taalkunde fan de Ryksuniversiteit Grins.
De master Multilingualism is opset troch de ôfdieling Fryske Taal en Kultuer en it programma fan Tapaste Taalwittenskippen oan de Ryksuniversiteit Grins yn gearwurking mei de University Campus Fryslân (UCF) en de NHL University of Applied Sciences.
“Praktyske ûnderfining”
Dit masterprogramma draait om it tapassen fan teory yn ’e praktyk. Dat dogge wy troch studinten meartalichheid yn ‘real life’ meimeitsje te litten. Mooglikheden dêrta binne de ekskurzjes nei meartalige ynstitúsjes en omjouwingen. Ien fan ús MA studinten dielt har erfaringen:
“It is hartstikke moai dat it programma sokke ekskurzjes organisearret. Ik seach yn it echt hoe’t minderheidstalen yn ’e maatskippij wurkje en hokfoar útdagingen oft se ús foar stelle; dat sette my oan it tinken hoe’t ik helpe kin om dy swierrichheden op te lossen. It is hiel nijsgjirrich om ferskillende situaasjes fan meartalichheid mei te meitsjen lykas de rol fan in minderheidstaal yn godstsjinst, dat ferraste my.
Oare ekskurzjes, nei de Fryske Akademy en it provinsjehûs yn Ljouwert bringe de útdagingen ta libben dêr’t beliedsmakkers mei te krijen ha. It joech my it gefoel dat ik belutsen bin by aktuele en belangrike problematyk. De útstapkes helpe my om mei oare eagen te sjen nei de minderheidssituaasje yn myn eigen lân.”
Utsjoch op wurk
Meartalichheid bestiet op alle nivo’s yn ’e maatskippij, elk mei har eigen problemen en oplossingen. Hjir yn Nederlân en oeral yn Europa libbet bygelyks de fraach hoe’t wy omgean moatte mei migranteminderheden en har taal yn it ûnderwiis, hoe’t wy meartalichheid it bêste ûntwikkelje kinne op skoalle. Om antwurden op sokke fragen te finen, sil in ekspêr yn meartalichheid fjildûndersyk dwaan en belutsen organisaasjes advisearje. Mei de yngeande kennis fan meartalichheid yn kombinaasje mei har eigen kwaliteiten yn ynteressen binne ús studinten goed tarist om de útdagingen fan in globalisearjende wrâld oan te gean.