Fryske track

In bachelorprogramma bestiet út trije jier akademyske oplieding fan 180 stúdzjepunten. Sechtich punten dêrfan binne beskikber foar opsjonele fakken. Foar studinten dy’t ynteresse ha foar Fryske taal en kultuer biede wy dan seis spesjalisaasjekursussen oan, mei oandacht foar Fryske taalfeardichheid en kennis en begryp fan Fryske histoarje, literatuer, linguïstyk en taalskiednis. Wy tinke dat de ynnovative kombinaasje fan algemiene, konseptuele, ynternasjonaal ferlykjende fakken oan ’e iene kant en in spesjalisaasjetrajekt oan ’e oare kant breder ynsetbere frisisten opsmite sil mei prima kânsen op ’e arbeidsmerk yn en bûten Fryslân.

Wêrom Frysk?

Frysk is de iennichste twadde offisjele taal yn Nederlân, praat troch sa’n 450.000 Friezen yn Nederlân (en likernôch 10.000 yn Dútslân). Mar in lytse groep minsken kin it lykwols goed skriuwe. Sadwaande hinget it Frysk, lykas safolle oare minderheidstalen, wat tusken in dialekt en in steatstaal yn. Oer de ôfrûne twa ieuwen hat der tusken foarfjochters en tsjinstanners frijwat strideraasje west oer de maatskiplike posysje en it brûken fan it Frysk. Hjoed-de-dei binne aardich wat ynstitúsjes dwaande mei it fersterkjen fan de Fryske taal. It wurdt beskerme troch Europese ferdraggen en it is in ferplichte fak op skoalle. Nettsjinsteande al dy ynset binne Friezen faak feardiger yn it Nederlânsk as yn it Frysk. En krekt dat makket de posysje fan it Frysk sa nijsgjirrich! De Fryske kasus toant de ynteressante dynamyk fan minderheidstalen yn it algemien. It is in prachtich foarbyld fan de manier wêrop’t minderheidstalen besykje om in balâns te finen tusken it lokale en it mondiale, tusken ienheid en ferskaat.

De provinsje Fryslân

Fryslân is in provinsje yn it noarden fan Nederlân mei likernôch 650.000 ynwenners. It is bekend om syn fiere kimen, seediken en skiep, de marren en fearten, dêr’t men sylt by ’t simmer en reedrydt yn ’e winter. De Friezen wurde faak stereotypearre as nuchtere, koppige en dwerse lju dy’t fêsthâlde oan har taal en kultuer. Wylst it yn feite noflike minsken binne dy’t it moderne libben omearmje, mei in sûne passy foar it plak dat se thús neame.

Struktuer fan it programma

Us Fryske spesjalisaasjetrajekt binnen it bachelorprogramma biedt de studinten yn it foarste plak in goede kennis fan Fryske taal en kultuer. Boppedat is it trajekt sa ynbêde dat Fryslân en it Frysk ek fungearje as in spesifyk foarbyld fan it algemiene ferhaal oer minderheden en meartalichheid. It Fryske trajekt jout dy de kâns om yn ’e breedte en yn ’e djipte kennis op te dwaan fan in Europese minderheid, om taalbehearsking yn in minderheidstaal te ferbetterjen en dyn komparative ûndersyksfeardichheden te ûntwikkeljen.

Staazjes

Wa’t de  de ambysje hat om nei syn/har oplieding yn Fryslân oan it wurk te gean, kinne wy helpe om in staazjeplak te regeljen yn ien fan de Fryske kulturele ynstellingen of by de provinsje Fryslân. De ôfdieling hat rûnom yn Fryslân prima kontakten om derfoar te soargjen dat de studint goed te plak komt.

Fryslân as laboratoarium

Noch mear kennis oer Fryslân kin opdien wurde yn guon fan de oare kursussen, yn it algemiene programma fan de oplieding, benammen yn de twa ‘Frisian laboratory’-fakken. Yn dizze kolleezjes krije alle bachelorstudinten mear te witten oer de situaasje fan it Frysk as minderheidstaal. Yn ‘The Cultural Heritage’ bygelyks, sille studinten in besite bringe oan tal fan ynstellingen yn Fryslân lykas it Fries Museum yn Ljouwert, om te ûnderfinen en analysearjen hoe’t de Friezen har ferline bewarje en presintearje oan it publyk en hoe’t dit ferlike wurde kin mei oare minderheden.

Bachelorskripsje

Oan ’e ein fan it bachelorprogramma litte studinten troch it skriuwen fan in bachelorskripsje sjen dat se yn steat binne om te wurkjen mei de konsepten, teoryen en metoaden dy’t har de ferline trije jier oanleard binne. Dejingen dy’t har spesjalisearje wolle yn it Frysk en Fryslân binne fan herte útnoege om in ûnderwerp te sykjen yn it fjild fan ’e frisistyk. Sy wurde advisearre om in ferlykjend ûndersyk te dwaan en de kasus Fryslân te ferbinen mei ien of mear oare minderheidskultueren. Op dy manier toane studinten har fermogen om spesifike kennis oan algemene kennis te keppeljen en sadwaande mondiale tematyk yn ferbân te bringen mei in lokale situaasje.

Kursussen

Oan it begjin fan de ‘Fryske track’ wurdt studinten oanleard om it Frysk op akademysk nivo te skriuwen, in kwaliteit dêr’t de studinten yn it fierderetrajekt net sûnder kinne. Taalfeardichheid I is opsplitst yn twa dielmodules fan elk 5 ECTS-stúdzjepunten. It fak wurdt jûn troch Willem Visser, in betûft Frysk taalkundige. Fan studinten wurdt ferwachte dat se it it Frysk al aardich ferstean, prate en lêze kinne. Oars wurdt har earst in kursus Frysk foar net-Frysktaligen oanret. Elke studint hâldt yn alle gefallen ien presintaasje. Der binne wyklikse opdrachten en it fak wurdt ôfsletten mei in skriftlik tentamen. It fak is goed foar twa kear 5 ECTS-stúdzjepunten (280 stúdzje-oeren).

Dit fak is it ferfolch op Taalfeardichheid I en wurdt ek wer fersoarge troch Willem Visser. It biedt in fierdere ferbreding en ferdjipping fan de Fryske skriuwfeardichheid. Studinten wurde traind yn it skriuwen fan linich Frysk yn ferskillende sjenres, lykas mails, formele brieven en sollisitaasjes, mar benammen yn akademyske sjenres as resinsjes, ûndersyksferslaggen en essees. Fierders makket it fak studinten bewust fan de Fryske taalnoarm. Elke studint hâldt yn alle gefallen ien presintaasje. Der binne wyklikse opdrachten en it fak wurdt ôfsletten mei in skriftlik tentamen. It fak is goed foar twa kear 5 ECTS-stúdzjepunten (280 stúdzje-oeren).

Yn dit kolleezje leart de studint oer de Fryske skiednis mei al syn ferskillende betsjuttingslagen: de myten fan de midsieuwen, de Fryske Frijheid, de opkomst fan in ferstêdske merkekonomy yn de iermoderne tiid en de tastânkomming fan dy ‘typysk Fryske’ plattelânskultuer yn 19e en 20e ieu dy’t elkenien bewust of ûnbewust sa goed ken. Histoarikus en heechlearaar Goffe Jensma hantearret de ‘topografyske’ metoade: alle twa wiken stiet in Fryske stêd, in doarp of in oar lânskipselemint sintraal. Troch fan dy plakken de skiednis troch de ieuwen hinne te rekonstruearjen, krijt de studint kennis en ynsjoch yn de ferrassend gelaagde kultuerskiednis fan Fryslân. Histoaryske skriuw- en ûndersyksfeardichheden wurde bybrocht troch wyklikse opdrachten, in presintaasje en in einwurkstik. It fak stiet foar 10 ECTS (280 stúdzje-oeren).

It fuortbestean fan it Frysk is nau ferfrissele mei de skiednis fan de Fryske literatuer. Yn dit kolleezje wurde de eigenaardichheden fan de Fryske literatuer bestudearre troch mei-inoar in oantal fan de belangrykste teksten út de Fryske literêre kanon te lêzen en te analysearjen. Dosint Goffe Jensma, heechlearaar Fryske taal- en letterkude, leit dêrby de klam op de maatskiplike funksje fan literatuer en op de represintaasje fan de Fryske maatskippij yn de literatuer fan benammen de 19e en 20e ieu. Sa pleatst dit fak de Fryske literatuer yn it ramt fan Fryslân as minderheidskultuer. Undersyksfeardichheden op it mêd fan literatuerwittenskip wurde de studint bybrocht troch wyklikse opdrachten, in presintaasje en in einwurkstik. It fak stiet foar 10 ECTS (280 stúdzje-oeren).

Dit fak jout de studint in basale kennis fan grammatika yn it algemien – fonology, morfology en syntaksis – en fan de grammatika fan it moderne Frysk yn it bysûnder. Dosint Willem Visser, in betûft Frysk taalkundige, behannelet yn de kolleezjerige spesifike ûnderdielen fan de Fryske grammatika. Sa leart de studint tagelyk oer it universele en oer it typysk Fryske yn lûdlear, wurdfoarming en sinbou. Oan ‘e hân fan wyklikse opdrachten kin de studint sjen litte dat er/se de kolleezjestof behearsket troch dy ta te passen op konkreet taalmateriaal. It fak wurdt ôfsletten mei in skriftlik tentamen. It fak is goed foar 10 ECTS-stúdzjepunten (280 stúdzje-oeren).

Aldfrysk is de midsieuske foarrinner fan it hjoeddeistige Frysk. It wurdt wol ‘the first cousin of English’ neamd. Oan skreaune boarnen binne ús benammen rjochtsteksten oerlevere út de perioade 1100-1550. Dosint Anne Popkema, ko-auteur fan it Aldfrysk wurdboek, liedt de studint yn yn de grammatika en de boarnen fan it Aldfrysk. Oan de ein fan de kolleezjerige kin de studint net allinnich mei help fan in wurdboek in stik Aldfrysk oersette, mar kin er/sy sa’n tekst ek begripe yn de kontekst fan syn maatskiplike, politike, rjochts- en taalskiednis fan de Midsieuwen. Wyklikse opdrachten riede de studint ta op in skriftlik tentamen oan de ein fan de kursus. It fak stiet foar 10 ECTS (280 stúdzje-oeren).

Dosinten