Wêrom minderheden?
Ien fan de grutste útdagingen fan moderne demokrasyen is om in stabile balâns te finen tusken ienheid en ferskaat. Hoe om te gean mei etnyske en kulturele ferskillen, dat is de sintrale fraach. Minderheden meitsje de kearn fan dy diskusje út. Dat kin gean om âlde etnolinguïstyske minderheden dy’t yn in grutter steatsferbân lokalisearre binne. Op dit stuit soargje guon fan sokke minderheden, lykas de Katalanen yn Spanje en de Russysktaligen yn Oekraïne foar geopolitike spanningen troch har stribjen nei ûnôfhinklikheid of ôfskieding fan de sintrale steat.
Tagelyk kreëarje migraasjestreamen oer de hiele wrâld allerhanne nije minderheden lykas de Koerden yn Dútslân en Marokkanen yn Nederlân. Wylst de ‘âlde’ minderheden allegear rjochten tawiisd krigen ha om har taal en kultuer te behâlden, krije dy nije minderheden sokke rjochten net; sy wurde achte om gau de mearderheidstaal en –kultuer fan it nije thúslân oer te nimmen om sa folslein yntegrearje te kinnen.
Struktuer fan it programma
It earste jier begjint mei harkkolleezjes oer minderheidstalen, taalkunde en politike en histoaryske aspekten fan minderheden en de multikulturele maatskippij yn Europa. Studinten leare oer meartalichheid en maatregels om it brûken fan in taal te regulearjen of te fersterkjen en sa de sosjale status fan in taal te feroarjen. In part fan it twadde jier wurdt bestege oan ûndersyk en studinten kieze ien fan in hele protte beskikbere minoaren of se begjinne har te spesjalisearjen yn in spesifike minderheidstaal, lykas Frysk, Katalaansk of Turks. Ofhinklik fan har kar kinne studinten dy taal leare yn Grins, op in oare universiteit yn Nederlân of yn it bûtenlân (yn it tredde jier). As alternatyf is it ek mooglik om in oare minor te folgjen, bygelyks yn skiednis of ynternasjonale betrekkingen, of in staazje te dwaan yn Nederlân. Ast foar it Frysk kieze wolst, folgest de kursussen fan it Fryske trajekt. De bachelor wurdt ôfrûne mei in skripsje. Tige gelearde studinten kinne har programma útdaagjender meitsje troch de ferbreedzjende en ferdjipjende fakken fan it Honours College te folgjen.
Spesjalisaasje
De oplieding biedt studinten de mooglikheid om har te spesjalisearjen yn in spesifike minderheidstaal en –kultuer (it ‘minorprogramma’). Sy kinne dan bygelyks in part fan har stúdzjeprogramma yn it bûtenlân trochbringe oan in partneruniversiteit om har kennis fan in spesifike minderheid te ferdjipjen, of staazjerinne by in relevante (ynternasjonale) organisaasje. Studinten kinne der bygelyks foar kieze om in healjier te ferbliuwen yn in regio mei in minderheidstaal en –kultuer, yn of bûten Europa.
Tichter by hûs kinne studinten har ek ferdjipje yn Fryske taal en kultuer troch it unike Fryske trajekt te folgjen binnen de oplieding Minorities and Multilingualism.
De miening fan in studint
Yn it programma rinne in soad studinten en dosinten om mei ferskillende kulturele en linguïstyske eftergrûnen. “Trochdatst yn kontakt komst mei al dy talen en kultueren komme de dingen dy’tst by de oplieding learst ekstra ta libben. It jout de studint in earstehâns perspektyf op minderheden en meartalichheid: wy ûnderfine it om ús hinne.” Ek al is it programma aardich nij, it biedt no al “in grut ferskaat, en it fynt in goeie balâns tusken de mear taalkundige kant fan ’e saak en it politike en histoaryske diel.”
Utsjoch op wurk
Nei it ôfrûnjen fan it bachelorprogramma kinne studinten ynterkulturele problemen tusken minderheden en mearderheidsgroepen analysearje – en oplosse! It programma stelt ta doel om dy ta te rieden op in karriêre op lokaal, nasjonaal of ynternasjonaal nivo dêr’t ferskillende talen en kultueren inoar treffe.
As ekspêrs yn sosjale diversiteit kinne ús studinten wurk fine yn allerhanne sektoaren. Multinationals bygelyks ha ferlet fan taalbeliedsadviseurs dy’t effektyf omgean moatte mei de grutte kulturele ferskillen tusken har wurknimmers. Mei in titel yn minderheden en meartalichheid kin it ek nijsgjirrich wêze om fierder te gean yn ’e sjoernalistyk om regionale en ynternasjonale konflikten te ferslaan dêr’t kennis fan ynterkulturele kommunikaasje, identiteit, groepsfoarming en meartalichheid ûnmisber by binne.
Studinten dy’t it Fryske trajekt folge ha, binne ekstra ynteressant foar de gemeentlike en provinsjale oerheid yn Fryslân, foar de ynstituten dy’t har mei Fryske taal en kultuer dwaande hâlde, mar ek yn De Haach binne taalbeliedsmakkers oan it wurk.