De taaltwivel fan studint Hoeke Tamme
Written by:
Goffe Jensma is professor of Frisian Language and Culture and director of studies of the BA Minorities & Multilingualism and MA Multilingualism at the University of Groningen. In this opinion piece, that was published in Friesch Dagblad, he explains the linguistic insecurity that many Frisians face and the consequences it has for Frisian as a language.
De taaltwivel fan studint Hoeke Tamme*
It akademysk jier sit der wer open lykas alle jierren ha ik de tentamens fan ús studinten neisjoen. Ik jou kolleezje by de oplieding ‘Minorities and Multilingualism’ oan de Ryksuniversiteit fan Grins, dêr’t wy besykje om – foar wa’t dat wol – de oplieding Fryske Taal en Kultuer yn in ynternasjonale kontekst oan te bieden. Guon fan myn kolleezjes jou ik yn it Ingelsk, oare yn it Frysk, bygelyks de fakken ‘Fryske literatuerskiednis’ en ‘Skiednis fan Fryslân’. By dy lessen sit meast ek in moai nustje byfakkers. Dy komme op grûn fan yntrinsike belangstelling foar it ûnderwerp. De measte fan harren komme út Fryslân en wolle mear fan har eigen achtergrûn witte.
Oan it begjin fan sa’n kolleezjerige gean ik altyd nei oft it mooglik en winsklik is om de kolleezjes yn it Frysk te jaan. Meastal giet dat sûnder problemen. Dat wol sizze, foarsafier’t it de passive taalbehearsking oangiet. De studinten fersteane en lêze oer it algemien it Frysk prima (al tink ik dat ik der net ferkeard oan doch om soms in wurd even yn it Nederlânsk mei te sizzen).
Hiel oars leit it mei it praten en fral mei it skriuwen fan it Frysk. Der sit ferskil tusken de iene en de oare studint en der binne útsûnderingen, mar rûchwei kinne je sizze dat net ien it nivo hellet fan wat deselde studinten yn it Nederlânsk en miskien sels yn it Ingelsk presteare.
Sosjale media
No wurdt tsjintwurdich faak opmurken dat it Frysk noch nea sa’n soad skreaun is as no. Op sosjale media wurdt it rûnom brûkt, seit bygelyks Liesbeth Jongbloed-Faber fan de Fryske Akademy. Dat sil grif ek sa wêze en it lit sjen dat it Frysk ûnder jongerein libbet, mar oer de kwaliteit fan it brûkte Frysk ha ik myn twivels. Faak wurdt wiisd op de ôfwikende stavering fan it Frysk op sosjale media – der wurdt skreaun op it ear. En dat sjoch ik ek by myn studinten werom.
De folgjende – belangrikere – fraach is lykwols dy nei de ferhâlding mei wat je ‘it skreaune Frysk’ neame kinne soene: de standerdisearre foarm fan it Frysk sa’t dy yn de rin fan de njoggentjinde en tweintichste iuw ûntstien is. Dat is ek de foarm dy’t wy oan de universiteit de studinten oanleare (of alteast besykje oan te learen) en dy’t wy brûke om de studinten neffens te beoardieljen. Wat de wurkstikken fan myn studinten sjen litte en wat nei alle gedachten oerienkomt met it sosjalemedia-Frysk is dat krekt op dat flak fan alles folslein ‘mis’ giet. Trochsnee ha de studinten mar in bytsje idee fan wat ‘it skreaune Frysk’ is.
Is dat slim en hoe komt dat? De lêste fraach earst. Miskien is de oarsaak dat yn de sprektaal in pro-ses fan fernederlânsking fan it Frysk geande is. Trochdat it Nederlânsk hegere status hat en trochdat minsken folle mear oan it Nederlânsk as oan it Frysk bleatsteld wurde slûpe der yn it Frysk wurden en sinskonstruksjes út it Nederlânsk yn yn it Frysk. Soms wurdt dan de ferguodlikjende ferklearring jûn dat taal no ienkear altyd feroaret omdat taal dynamysk is. Mar dat is my te maklik.
It proses fan taalferoaring yn it Frysk – ik bin ditoangeande benijd nei de útkomsten fan it promoas-jeûndersyk fan Nika Stefan fan de Fryske Akademy – liket nammentlik helte flugger te ferrinnen as bygelyks it proses fan de feringelsking fan it Nederlânsk. Dat komt yn myn eagen troch twa saken: (1) hieltyd minder âlders prate Frysk mei har bern (sa’t Geert Driessen fan de Radboud-universiteit yn Nijmegen oantoand hat), en (2) it Frysk mist fierhinne it fangnet fan de skreaune taal: it skreaune Frysk. No kinne je mei Hans van der Velde fan de Fryske Akademy sizze: ‘Ach dat skreaune Frysk, dat hoege wy de bern dochs net mear te learen, dat is passee’ (LC 18-06-2016). En dat soe ik miskien mei him iens wêze, wie it net dat soks net allinnich gefolgen hat foar it Frysk skriu-wen sels, mar ek foar it Frysk praten. Sûnder besef fan ‘it skreaune Frysk’ ûntstiet nammentlik by de Fryskprater wat taalkundigen neame ‘linguistic insecurity’ – taaltwivel. Troch harren jierrenlange skriuwûnderwiis en troch it deistich oanbod oan skreaune Nederlânske teksten hawwe de measte minsken yn it Nederlânsk in fêst byld yn de holle fan wat korrekt Nederlânsk is en wat net.
Nederlânskpraters korrizearje inoar dêr ek hieltyd op, bewust en ûnbewust. Yn it Frysk is dat net sa. Prebearje it sels marris út. Brûk yn in petear mei in Fries in pear kear in Nederlânsk wurd en de kâns is hiel grut dat it gewoan oernommen wurdt, sels by hiel gewoane wurden as ‘Neus-noas’, ‘overhemd-oerhimd’, ‘boppe-boven’. Prebearje it marris. Friezen witte net mear wat Frysk is en wat net.
De fraach is no wêrom at de minsken yn it Frysk net sa’n helder wurdbyld foar eagen hawwe as yn it Nederlânsk. It antwurd is hiel simpel: se binne der net yn traind. Wat ik dêr yn de kolleezjeseal foar my sjoch by jonge yntelliginte en goedwollende minsken fan 18 oant 25 jier is it einresultaat fan it mislearjende ûnderwiis yn it Frysk. Ik wit dat de provinsje goede bedoelings hat en tsjin de druk fan it ûnderwiis en de maatskippij yn besiket der it bêste fan te meitsjen. Mar it is net genôch! As bern net Frysk skriuwen en staverjen leare, sil dy taaltwivel oanboazje en sil it Frysk op syn aldersuperdynamyskst hurd en yngeand nei it Nederlânsk útskaaie.
Goede wil
Wat te dwaan? Ik skriuw dit stik fuort nei ’t ik it wurkstik fan Hoeke Tamme de Vries* lêzen ha. Hoeke Tamme is in iverige, goede studint, mar syn Frysk? Hy is fan goede wil, want it is him tastien om yn it Nederlânsk te skriuwen en hy docht it dochs yn it Frysk. Want hy wol dat graach. Mar syn Frysk is by alle gatten om ticht. Ik soe him net teloarstelle wolle en alles korrizearje wolle, mar dat is in ûnmooglike opdracht. Ik kin him net én ynhâldlik, én op syn Frysk korrizjearje en beoardielje. En ek al soe ik de tiid der foar ha: it is safolle dat ik Hoeke Tamme leare moatte soe, dat kin er yn de fierste fierte net yn ien kear oan. Dat kostet jierren. En dy jierren hat Hoeke Tamme mist.
En hjir rin ik tsjin it punt oan dat ik miskien ek wol fyn dat taal dynamysk is en rjocht op feroaring hat. mar dat ik dêr yn de ûnderwiispraktyk neat mei kin. Hoeke Tamme en ik ha beide in noarm nedich. Hy om syn twaaltwivel de baas te wurden en ik om – al dan net strak of linich – syn stikken neffens te beoardieljen. Dy noarm dat is it skreaune Frysk.
De iennichste strukturele oplossing is hjir dat je – en dan bedoel ik de polityk en de provinsje – me-ar wurk meitsje wolle moatte fan it ûnderwiis yn it (skreaune) Frysk. Dat kin fansels tsjinwurdich ek makliker as earder troch digitale helpmiddels yn te setten. Mar dan wol yn it ûnderwiis en net dêrbûten. It skreaune Frysk en it Frysk skriuwen soene yn de trochgeande learline in serieus en dus ek in te beoardieljen ûnderdiel fan dat ûnderwiis wurde moatte. Fan ûnder-wizers soe easke wurde moatte dat se harren learlingen in bepaald nivo fan skriuwen bybringe. De Provinsje as einferantwurdlike foar it nivo fan it ûnderwiis soe dêr mear op oanstean moatte.
Dialekt
Mar wat jo wolle kin net, sille de politisy mei-inoar miskien sizze. Op myn bar sis ik dan: sis dat dan mar iepenlik yn jim ferkiezingsprogramma’s en sis derby dat jim it net slim fine dat it Frysk in dialekt fan it Nederlânsk wurdt, want dat is, as der neat feroaret, it foarlân dat foar ús leit.
*Hoeke Tamme de Vries is in fiktive namme foar in echt besteande studint